Oer it platfoarm
  • Dutch
  • Fries
logo
  • (eks)-partner
        • Skiede of net?
        • Omgean mei in skieding
          • Kommunisearje mei dyn (eks)-partner
          • De impact op de bern
          • Help by it ferwurkjen
        • tsjeklist
        • Skieding regelje
          • Finansjeel
            • Alimintaasje
            • Banksaken
            • Belestingen
            • De finânsjes fan de bern
            • Pensioenen
            • Skulden
            • Taslaggen
            • Fersekeringen
          • Wenning
            • In keapwenning ferdiele
            • In hierwenning ferdiele
          • Juridyske
            • Advokaat of mediator
            • Echtskiedingskonvenant
            • Âlderskipsplan
          • Besittingen
  • Professionals
    • Professionals
    • Trainingen en kursussen
    • Handige tools
    • Professional
    • Ynformaasje oanfolje
  • Bern & jongerein
    • Bern & jongerein
    • Omgean mei in skieding
    • Underfiningsferhalen
    • Rjochten en plichten
    • Helpoanbod
  • Belutsenen
    • Belutsenen
    • Grutâlder
    • (takomstige) Styfâlders
  • Nederlands
  • Fries

Belestingen regelje by in skieding

By in skieding feroaret der ek it ien en oar rûnom belestingen. Sa hat it útinoar gean ynfloed op bygelyks alimintaasje, heffingskoartingen en taslaggen. It is dan ek wichtich om dy wizigingen goed troch te jaan by de belestingtsjinst.

Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:

  • Wat der allegearre regele wurde moat nei de skieding
  • De ynfloed fan de skieding op de belestingoanjefte

Wat moat ik regelje mei de belestingtsjinst

Foar it regeljen fan dyn belestingen by skieden is it wichtich om saken op in rige te setten. De site fan de Belestingtsjinst kin hjirby helpe. Hja sette tema’s lykas bernealimintaasje, partneralimintaasje en freegje oer belestingweromjefte oersichtlik op in rige. Se jouwe antwurd op fragen as:

  • Kin ik aanst taslach krije?
  • Hoe regelje ik ko-âlderskip?
  • Wa betellet of krijt belesting werom?

Gean nei de webside fan de belestingtsjinst foar it antwurd op dy en alle oare fragen oangeande belestingen en skieden.

Lês de help fan de belestingtsjinst

Tips foar belestingoanjefte

Skiede hat ek ynfloed op dyn belestingoanjefte. Omdat dat noch faak mis giet, is de belestingtsjinst spesjaal hjirfoar in kampanje begûn oangeande it tema ‘de belestingoanjefte nei de skieding ’. Yn dizze kampanje fan de belestingtsjinst fynst ûnder oare dizze trije tips om belestingflaters nei de skieding foar te kommen:

Tip 1. Ofspraken oer hypoteekrinte meitsje

Betelle hypoteekrinte wurdt faak troch ien fan de eks-partners as alimintaasje yn ôftrek brocht, sûnder dat dêr skriftlike ôfspraken oer makke binne. It is goed om dit mei te nimmen by it opstellen fan it echtskiedingskonvenant.

It opstellen fan it echtskiedingskonvenant

Tip 2. Doch tegearre oanjefte

Troch yn it jier fan de skieding noch mei-inoar oanjefte te dwaan, ûntsteane der neffens de belestingtsjinst minder flaters. It is dan ferstannich om fiskaal partner te bliuwen. Foar in soad minsken is it lykwols faak ûndúdlik wannear ‘t fiskaal partnerskip no krekt ophâldt. Mear ynformaasje oer fiskaal partnerskip fynst op de website fan’e Belestingtsjinst.

Mear ynformaasje oer fiskaal partnerskip

Tip 3. Bern bûn budzjet feroarje

Nei de skieding kriget ien fan beide âlden de bernetaslach. Dyselde âlder kriget ek it oan bern bûn budzjet. Hjirfoar moatte je sels in tal wizigingen trochjaan. Dizze wizigingen kinst trochjaan fia de Belestingtsjinst. Mear ynformaasje oer it oan it bern bûn budzjet fynst op ús side oer taslaggen.

Mear oer bern bûn budzjet Mear oer taslagen

It regeljen fan dyn skieding

  • Download de tsjeklist
  • Finansjeel
    • Alimintaasje
    • Banksaken
    • Belestingen
    • Finânsjes fan de bern
    • Pensioenen
    • Skulden
    • Taslaggen
    • Fersekeringen
  • Wenning
    • In hierwenning ferdiele
    • In keapwenning ferdiele
  • Besittingen
  • Juridys
    • Advokaat of mediator
    • Echtskiedingskonvenant opstellen
    • Âlderskipsplan opstellen
Ekstra ynformaasje
  • Bern & Jongerein
  • Belutsenen
  • Professionals

Help it platfoarm

Der is in hiel soad ynformaasje rûnom skiede te finen. Om dit platfoarm sa kompleet mooglik te meitsjen, kinne wy dyn help wol brûke! Mis dyn bepaalde ynformaasje en hast oanfollingen op ús webside? Jou se dan oan ús troch.

Ynformaasje oanfolje
  • Disclaimer
  • Kolofon