ALIMENTAASJE
Bern- en/of partneralimintaasje kinst nei in skieding helpe om rûn te kommen en finansjeel foar dyn bern te soargjen.
As je skiede feroaret der in soad, ek foar je jildsaken. Sa hat de skieding bygelyks ynfloed op dyn fersekeringen, dyn pensjoen en de belestingen. It is wichtich om dyn finânsjes goed te regeljen en op papier te setten. Wy helpe dy hjirby.
Op dizze side fynst ynformaasje oer:
Wy sette de wichtichste ynformaasje op in rige.
Der binne in tal tools dy ‘t je helpe kinne om de finânsjes op de rit te krijen nei de skieding.
In skieding kostet jild. It djoerste ûnderdiel is de advokaat of mediator. It kin skele as jimme tegearre nei ien advokaat of mediator geane. Wat yngewikkelder de skieding, wat djoerder it wurdt. Mear ynformaasje oer de kosten foar in advokaat of mediator fynst op de webside fan Echtscheiding-wijzer. Hjir fynst ek tips om de skieding sa goedkeap mooglik te hâlden.
Lês de tips fan Echtscheiding-wijzer
Op de webside fan de Ryksoerheid fynst in oersjoch fan de kosten foar in skieding. Neist de advokaat of mediator betelje je nammentlik ek fierjochten. Ek kinne je somtiden rjocht hawwe op in temjittekomming. De betingsten dêrfoar fiynsto ûnderoan, ûnder it kopke ‘tegemoetkoming in kosten voor scheiding’.
Ryksoerheid oer de kosten fan skieden
Op de webside fan de belestingtsjinst fynst ek mear ynformaasje oer skieden en wat je finansjeel allegearre regelje moatte.
Belestingtsjinst oer de kosten fan in skieding