Hoe giest as pake en beppe om mei in skieding?

In skieding jout faak in soad feroaringen. It is in emosjonele faze wêryn’t ek fan dy as pake of beppe in soad frege wurdt. Hoe bepale je hjiryn je eigen posysje, hokker rol meie je hjiryn oannimme? En wat as it kontakt mei dyn bernsbern of skoanfamylje hjirtroch ôfnimt?

It kin helpe om hjiroer mei in neutraal persoan te praten en advys te krijen. It besef dat in skieding nei in skoft yn rêstiger farwetter komt, kin somtiden ek stipe biede.

Sa kinst pake- of beppesizzers stypje

Foar dyn bernsbern is de skieding in drege perioade mei in soad ûnrêst. It is dêrom geweldich moai asto hjiryn in stabile faktor wêze kinst. In plak fan rêst, dêr’t it bern gewoan noch bern wêze kin. Dit kinsto dêrfoar dwaan:

  • Bied in harkjend ear
  • Gean net tusken de partijen stean
  • Soargje foar stabiliteit
  • Soargje út en troch foar ôflieding

Foar dyn bern feroaret der in soad, mar asto boppe it konflikt stiest, bist in wichtige stipepylder yn it libben fan dyn pake- of beppesizzers.

Thús wie der faak rûzje. Gelokkich koe ik altyd by pake en beppe delgean. It wie moai om in plak te hawwen dêr’t de skieding net sa dúdlik oanwêzich wie.
Alex

Omgean mei minder kontakt mei de pake- en beppesizzers

Nei in skieding wurdt it kontakt somtiden minder tusken pakes en beppes en bernsbern. Yn guon gefallen is der in skoftke net folle of gjin kontakt. Soms wurdt it kontakt folslein ferbrutsen. Dit kin in behoarlike ympakt hawwe. Gefolgen foar pake en beppe én de bernsbern.

Mocht it kontakt kompleet ferbrutsen wêze, dan soene je besykje kinne kontakt te krijen. Sjoch bygelyks oftst online profilen fan dyn bernsbern fine kinst, stjoer se op wichtige mominten lykas diplomearringen in kaartsje en bliuw besykjen it kontakt te werstellen.

Ik mocht beppe net sjen, de kadootsjes dy’t se stjoerde waarden weromstjoerd, mar se tocht wol oan my.

Thom

Der binne meardere redenen wêrom’t grutâlden harren bern net mear sjogge. In skieding is hjir ien fan. Yn de útstjoering ‘Je kleinkind nooit meer zien’ fan it telefyzjeprogramma Hollandse zaken, sjogge je hoe’t oare pakes en beppes omgean mei dit gemis.

Omgongsregeling foar pakes en beppes

As grutâlder hast net automatysk of wetlik rjocht op kontakt mei dyn bernsbern. Wol kinne je as âlden de omgong mei pake en beppe fêstlizze yn in âlderskipsplan. Dêryn wurdt beskreaun hoe’t de relaasje mei de oare famyljeleden der tidens of nei de skieding útsjen sil.

Kinst as pake en/of beppe nei de rjochter gean om te freegjen om in omgongsregeling mei de bernsbern ,en dy der hurd foar meitsje. De praktyk wiist lykwols út dat dit frijwat selden tawiisd wurdt. In rjochter soe dit oplizze kinne, mar dêrfoar moatte je wol oan bepaalde betingsten foldwaan.

Mochtst nei de rjochter gean wolle, dan kin in skiedingsadvokaat of in skiedingsmediator dy dêrby stypje.