Oer it platfoarm
  • Fries
  • Dutch
logo
  • (eks)-partner
        • Skiede of net?
        • Omgean mei in skieding
          • Kommunisearje mei dyn (eks)-partner
          • De impact op de bern
          • Help by it ferwurkjen
        • tsjeklist
        • Skieding regelje
          • Finansjeel
            • Alimintaasje
            • Banksaken
            • Belestingen
            • De finânsjes fan de bern
            • Pensioenen
            • Skulden
            • Taslaggen
            • Fersekeringen
          • Wenning
            • In keapwenning ferdiele
            • In hierwenning ferdiele
          • Juridyske
            • Advokaat of mediator
            • Echtskiedingskonvenant
            • Âlderskipsplan
          • Besittingen
  • Professionals
    • Professionals
    • Trainingen en kursussen
    • Handige tools
    • Professional
    • Ynformaasje oanfolje
  • Bern & jongerein
    • Bern & jongerein
    • Omgean mei in skieding
    • Underfiningsferhalen
    • Rjochten en plichten
    • Helpoanbod
  • Belutsenen
    • Belutsenen
    • Grutâlder
    • (takomstige) Styfâlders
  • Fries
  • Nederlands

Fersekeringen regelje by in skieding

Neist guod, binne ek fersekeringen wichtich om te ferdielen by in skieding. Guon fersekeringen binne nammentlik jild wurdich. Oare fersekeringen binne miskien gjin jild wurdich, mar moatte opnij besjoen wurde. Tink bygelyks oan in autofersekering as dyn partner de auto hâldt, of it ôfsluten fan in nije ynboelfersekering op it momint datst ferhúzjen giest.

Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:

  • De ynfloed fan in skieding op je fersekeringen
  • Oandachtspunten per fersekering
  • In oersjoch fan de grutste fersekeringsmaatskippijen.

Wêr begjin ik?

Om te begjinnen mei it regeljen fan je fersekeringen is it handich om in oersjoch te meitsjen fan hokker fersekeringen ast allegear hast. Bepaal dêrnei per fersekering wat der barre moat. Moat bygelyks de namme wizige wurde of it adres, of wolst de fersekering stopsette of oanpasse. Sjoch by de fersekeringen nei dizze punten: op wa syn namme de fersekering stiet, fan hokker rekken de fersekering betelle wurdt en oft de fersekering nei de skieding noch by dyn situaasje past.

Libbensfersekeringen

Faak hawwe (eks)partners ferskate libbensfersekeringen. Foar libbensfersekeringen jilde aparte regels, omdat soks faak te krijen hat mei de hypoteek, it pensjoen en oare saken. Soms kieze minsken der nei in skieding foar om it jild fan in libbensfersekering útbetelje te litten, of wurdt de fersekering yn twaen splitst as jim de preemje tegearre betellen. Sjoch op de webside fan dyn fersekerder foar de ynformaasje oer dyn libbensfersekering.

Skeafersekeringen

Skeafersekeringen foar dyn hûs of auto binne meastal makliker oan te passen as in libbensfersekering. By in fersekering foar skea oan hûs of auto hoege je soms sels allinnich in namme te feroarjen. De punten dêr’t je goed om tinke moatte binne:

  • It bedrach, bygelyks fan je ynboedelfersekering. Ast nei de skieding allinnich wennest, is de kâns grut dat de wearde fan dyn guod minder is.
  • Fersekeringen dy’tst foar de hiele húshâlding ôfsletten hast, lykas in rjochtsbystânsfersekering of oanspraaklikheidsfersekering. Ast nei de skieding allinnich wennest, dan hoechst dy net mear foar dyn hiele húshâlding te beteljen.
  • De autofersekering. Dy moat oanpast wurde as je situaasje feroarje, bygelyks as je de auto hâlde, wylst de fersekering op de namme fan je (eks) partner stiet. Of ast (eks) partner de auto hâldst, mar de fersekering fan de mienskiplike rekken waard betelle.

Soarchfersekering

As je skiede, moatte je ek in aparte soarchfersekering hawwe. It is dêrom wichtich datst de skieding trochjoust oan dyn soarchfersekerder. Hast bern dy’t meifersekere binne? Dan bliuwe de bern meifersekere op de poalis fan dejinge dêr’t de bern it measte wenje.

Fersekerders op in rige

Faak hawwe fersekerders eigen ynformaasje oer feroaringen nei in skieding. Sjoch oft dyn fersekeringsmaatskippij derby sit en besykje de webside foar mear ynformaasje.

Interpolis
Lês mear
Centraal Beheer
Lês mear
Independer
Lês mear
Avéro Achmea
Lês mear
VGZ
Lês mear
CZ
Lês mear
Menzis
Lês mear

Tip: dit is in goed momint om al dyn fersekeringen ris goed te besjen. Miskien kinne guon fersekeringen wol in stik goedkeaper of kinst gebrûk meitsje fan pakketkoarting troch dyn fersekeringen te bondeljen by ien maatskippij.

It regeljen fan dyn skieding

  • Download de tsjeklist
  • Finansjeel
    • Alimintaasje
    • Banksaken
    • Belestingen
    • Finânsjes fan de bern
    • Pensioenen
    • Skulden
    • Taslaggen
    • Fersekeringen
  • Wenning
    • In hierwenning ferdiele
    • In keapwenning ferdiele
  • Besittingen
  • Juridys
    • Advokaat of mediator
    • Echtskiedingskonvenant opstellen
    • Âlderskipsplan opstellen
Ekstra ynformaasje
  • Bern & Jongerein
  • Belutsenen
  • Professionals

Help it platfoarm

Der is in hiel soad ynformaasje rûnom skiede te finen. Om dit platfoarm sa kompleet mooglik te meitsjen, kinne wy dyn help wol brûke! Mis dyn bepaalde ynformaasje en hast oanfollingen op ús webside? Jou se dan oan ús troch.

Ynformaasje oanfolje
  • Disclaimer
  • Kolofon