KIES trainer
Coach bern of wurd mediator foar âlden mei de KIES metodyk
As psycholooch, gebietsteammeiwurker, húsdokter of dosint wolle je bern en folwoeksenen sa goed mooglik stypje tidens in skieding. Dêrfoar is in soad kennis beskikber yn de foarm fan kursussen en trainingen. Elk mei har eigen oanpak en doel.
Kennisplatfoarm KEES hat twa ynstruminten ûntwikkele dy’t helpferlieners helpe om ynskatting te meitsjen fan de skiedingsproblematyk. Mei dizze training leare je dizze ynstruminten op de goede wize yn te setten yn it petear mei je klient.
De trainingsmodule fan !JES helpt dy as professional om âlden te begelieden yn it feroarjend âlderskip, de ûntwikkeling fan in fyzje op echtskieding en praktyske hânfetten om mei âlden om te gean.
Wat dogge je as in âlder ûngerêst is en is bang foar geweld troch de oare âlder. Hoe rekkest sels as helpferliener net meisûge yn it konflikt. En wat hast nedich om ûnpartidich te bliuwen? Yn de training ‘Werken aan duurzaam ouderschap’ learst hjirmei omgean.
Hoe giest as professional om mei komplekse skieding? Hoe bliuwst hjiryn ûnpartidich en neutraal. En hoe hâlde je by de petearen de fokus op de bern? De trainingen fan Samen Veilig en SCHIP jouwe je dêryn de goede hânfetten, kennis en begelieding. Dêrneist kin de metodyk fan ONS dy hjirby helpe.
It programma Scheiden zonder Schade hat in dokumint skreaun foar gemeenten oer it bieden fan help oan âlden en bern yn in skieding. Dit dokumint jout ynsjoch yn wêrom’t gemeenten belied ûntwikkelje moatte oangeande dit tema, it tagonklik hâlden fan de soarch en tips oer it sinjalearjen fan problematyk yn in betiid stadium.
It is gjin training of kursus oer skieden, mar kin wol hânfetten biede.
Njonken it folgjen fan trainingen en kursussen, is it ek mooglik sels trainer te wurden. Foar ferskate trainingen is dêr in programma foar beskikber.