De fiif stadia fan it rouproses

Wit dat men nei of by de skieding faak troch in rouproses giet en dat dit hiel normaal gewoan is. De fiif stadia dy’t hjirby nei foaren komme binne as folget:

Untkenning – It wol dy net oan. Do witst it rasjoneel wol, mar kinst it mei dyn gefoel noch net befetsje.

Lilkens – Njonken fertriet ûntstiet der ek faak lilkens. Wêrom moat it dy oerkomme? Wa hat de skuld? En hoe doart hy of sy dy yn dizze sitewaasje te bringen? It gefoel fan lilkens is hiel gewoan, mar faak gjin fruchtbere grûn om goede ôfspraken te meitsjen.

Fjochtsje – Yn dit stadium fan de skieding wolst der faak alles oan dwaan om oplossingen te finen. Om te fjochtsjen foar watst wolst. Dit is faak in drege faze om’t je net altyd beide belangen foar eagen hâlde. Mediation kin dan helpe om hjir tegearre better út te kommen.

Depresje – In gefoel fan machteleazens, kombinearre mei in soarte fan moedeleasheid is in ûnderdiel fan it rouproses. It kin fiele oft negative gedachten de oerhân krije en der gjin útwei mear te sjen is. Sykje (profesjonele) help as dit te lang duorret.

Akseptearje – Dit stadium berikst faak op it momint datst ynsjochst dat in skieding de bêste oplossing is foar de situaasje. Dit betsjut net altyd dat je der bliid mei binne, mar je fine in soarte fan rêst.

Hjir kinst terjochte foar help

Prate luchtet yn in soad gefallen op. Begjin yn dyn omjouwing ast dy dêr noflik by fielst. In freondinne, goede freon of sportmaatsje kin soms in goed lústerjend ear biede.

Leaver yn petear mei in professional? Fia de húsdokter kinst yn kontakt komme mei in psycholooch dy’t dy fierder helpe kin. Of freegje in pear gesprekken mei de praktykûndersteuner oan, om nei te gean watfoar spesifike help it bêste by dy past. Dêrnjonken bestiet der foar ferskate gemeenten in opfiedpunt en kinst telâne by de Fryske Gebietsteams:

‘Fan in freondinne hearde ik dat der in skiedingsloket wie yn ús doarp. Ik bin dêrhinne gongen en ik ha in soad fragen stelle kinnen. It joech my rêst doe’t ik in bytsje oersjoch krige oer wat we allegear regelje moasten. Letter bin ik weromgongen mei myn (eks)man en ha wy tegearre ôfspraken makke. It wie foar ús beiden in hiele opluchting dat der mei ús meitocht waard.’

Faak stelde fragen

Hoe lang duorret it ferwurkjen fan in skieding?

Hoelang it ferwurkjen fan in skieding duorret, is foar elkenien oars. Elkenien trochrint it (rou)proses op syn of har eigen wize. Boppe-oan dizze side fynst de fazen fan it rouproses. Yn trochsneed duorret it twa oant trije jier om de faze fan akseptearjen te berikken.

Om goed te ferwurkjen is it wichtich dat je echt de tiid nimme foar it rouproses. Jou romte oan dyn gefoelens en sykje help as dat nedich is. Om fierder te kinnen en in nij stabyl libben op te bouwen, moatst it âlde libben efter dy litte. Dat betsjut net dat je net mear oan it houlik tinke meie, mar wol dat je net mear oerweldige wurde troch emoasjes.

Mei ik myn emoasjes oan’e bern sjenlitte?

Ja. Je meie je emoasjes seker wol sjen litte oan de bern. Se fernimme yn de measte gefallen sels al wol dat der wat spilet. Kinst se dêrom best fertelle datst fertrietlik bist. Tink derom dat se net it idee krije dat se foar dy soargje moatte. Kinst fertelle datst fertrietlik bist, mar fertel derby datst foar dysels soargest, of dat der in oar is dy’t foar dy soarget. Tink oan in freon of freondinne, beppe of in kollega. It is ek wichtich datst net negatyf bist oer dyn (eks)partner. Hâld dyn lilkens yn.

Meitsje in soad romte foar gefoelens en fragen fan de bern. Lit se sjen dat se altyd mei har gefoelens by dy komme meie. Straal út datst dy der altyd by ha kinst, ek al fielst dy miskien net sa. Besykje net te gûlen as de bern har gefoelens uterje, wolst net dat se har gefoelens binnen hâlde foar dy.

Help it platfoarm

Der is in hiel soad ynformaasje rûnom skiede te finen. Om dit platfoarm sa kompleet mooglik te meitsjen, kinne wy dyn help wol brûke! Mis dyn bepaalde ynformaasje en hast oanfollingen op ús webside? Jou se dan oan ús troch.

Ynformaasje oanfolje