Help foar alle bern by in skieding

Op de webside fan KIES fynst in soad help. Se kinne dy by KIES helpe mei persoanlike begelieding, begelieding yn lytse groepkes of helpe dy en dyn âlden tegearre om better om te gean mei de skieding. It makket net út oft dyn âlden noch mar krekt skieden binne, of al in skoftsje útinoar binne.

Foar KIES moatst dy oanmelde fia skoalle of it gebietsteam

Binne dyn âlders noch mar krekt útinoar, of geane se aanst útinoar? Dan kin de sânkastelemetoade dy miskien wol helpe! Dit programma jout bern tusken 4 en 17 jier in steuntsje yn’e rêch. Se leare dy te begripen wat der allegearre bart by in skieding en hoe ‘t je dêrmei omgean kinne.

Foar jonge bern

Foar bern fan 4 oant 6 jier kin de groepsskyldpod Sam helpe om mei de skieding om te gean. Sam fertelt bygelyks hoe’t er omgiet mei de skieding fan syn eigen âlden. Mei in gesellich en boartlik groepsprogramma heart it bern by de Stoere Skyldpoddegroep.

Foar bern tusken 6 en 8 jier hat Jonge Helden it Dappere Dinoprogramma. Spesjaal foar bern dy’t te krijen hawwe mei in skieding. De Dappere Dino’s helpe om op in goede wize de skieding troch te kommen.

Help op skoalle

Jonge helden kin dy en dyn klasgenoatsjes ek helpe op skoalle. Mei de kameleonprogramma’s dogge se dat. Se hawwe ien foar de basisskoalle en ien foar fuortset ûnderwiis. Sy helpe om de skieding better te begripen en der better mei om te gean. Sjoch op de webside foar mear ynformaasje, of oerlis ris mei dyn juf, master of dosint.

Foar it Heldenprogramma moatte je je oanmelde fia skoalle of it gebietsteam.

Troch it Kameleonprogramma snappe myn freonen no better hoe ‘t it foar my is dat myn âlden útinoar binne.
Joast

Leuke en behelpsume boeken foar jongerein

Bang Boos Blij fan Kathleen Amant
Bern 1 – 3 jier

Lewis woont in twee huizen fan Kathleen Amant
Bern fan 2,5 jier ôf

Sloompje Slak – het gebroken huis fan Claudia Hass
Bern 3 – 8 jier

Kamil, de groene kameleon fan Danielle Steggink
Bern 4 – 6 jier

Heen en weer fan Marja Baseler Bern fan 4 jier ôf

Thuis bij allebei fan Mike van Dam
B ern 4 – 7 jier

We zullen er altijd voor je zijn fan Harriet Grundmann
Bern fan 5 jier ôf

Van alles twee fan Martine Delfos
Bern fan 4 – 8 jier

Tim ertussenin door Tim Douwsma
Bern fan 8 jier ôf

Papa en mama wonen apart fan Annemiek van der Steen & Jolanda van Dam
Bern 6 – 7 jier

Ik ben Noor – mijn papa en mama gaan scheiden fan Marjon Veldman
Bern 6 – 10 jier

Uit elkaar door Bette Westera & Sylvia Weve
Bern fan 9 jier

Scheid! door Liesbeth Vijfvinkel, Jeanette Jonker en Claudia Lagerman
Berm fan 10 jier ôf

Mijn vader woont in het tuinhuis door Jacques Vriens
Bern fan 10 jier ôf

Allebei even lief door Jacques Vriens
Bern fan 4 jier

Benijd nei mear boeken foar bern en jongerein as help by in skieding?