Oer it platfoarm
  • Fries
  • Dutch
logo
  • (eks)-partner
        • Skiede of net?
        • Omgean mei in skieding
          • Kommunisearje mei dyn (eks)-partner
          • De impact op de bern
          • Help by it ferwurkjen
        • tsjeklist
        • Skieding regelje
          • Finansjeel
            • Alimintaasje
            • Banksaken
            • Belestingen
            • De finânsjes fan de bern
            • Pensioenen
            • Skulden
            • Taslaggen
            • Fersekeringen
          • Wenning
            • In keapwenning ferdiele
            • In hierwenning ferdiele
          • Juridyske
            • Advokaat of mediator
            • Echtskiedingskonvenant
            • Âlderskipsplan
          • Besittingen
  • Professionals
    • Professionals
    • Trainingen en kursussen
    • Handige tools
    • Professional
    • Ynformaasje oanfolje
  • Bern & jongerein
    • Bern & jongerein
    • Omgean mei in skieding
    • Underfiningsferhalen
    • Rjochten en plichten
    • Helpoanbod
  • Belutsenen
    • Belutsenen
    • Grutâlder
    • (takomstige) Styfâlders
  • Fries
  • Nederlands

Juridyske saken by in skieding

As je skiede, is it nedich om alles goed op papier te setten. Ofspraken oangeande de skieding lizze jim leafst fêst yn in echtskiedingskonvenant en ôfspraken oer de bern lizze jim fêst yn in âlderskipsplan. Dit kinst sels dwaan, of mei help fan in advokaat of mediator.

Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:

  • Kieze je foar in advokaat of mediator?
  • Hoe stelst in echtskiedingskonvenant op?
  • Wat heart der yn in âlderskipsplan?

In advokaat of mediator?

Skiede dochst mei help fan in advokaat of mediator as der minderjierrige bern belutsen binne. Om de skieding oan te freegjen by de rjochtbank hawwe je in advokaat nedich, mar as je mei in mediator wurkje kin hy of sy dat ek foar je regelje.

Advokaat of mediator ynskeakelje by in skieding

Ofspraken meitsje yn it echtskiedingskonvenant

As je skiede, lizze je de ôfspraken tusken jesels en je (eks)partner fêst op papier. Dit dogge je by foarkar yn in echtskiedingskonvenant. Om te skieden tsjinnet dyn advokaat dat yn by de rjochter. Jim stelle it sels op, of tegearre mei in advokaat of mediator. Yn it konvenant makkest ôfspraken oer de skieding. As de rjochter it goedkard hat (fêststelt), dan stean de ôfspraken fêst. Ofspraken dy’tst fêstleist yn it konvenant geane bygelyks oer pensjoen, fersekeringen, alimintaasje en wenjen.

It opstellen fan it echtskiedingskonvenant

It opstellen fan in âlderskipsplan

It is foar jimme en seker ek foar de bern wichtich om goede ôfspraken oer it âlderskip te meitsjen. De ôfspraken dy’tst makkest oer de bern, komme yn in âlderskipsplan. Yn dit plan lizze je bygelyks fêst hoe ‘t it kontakt oer de bern ferrint, hoe ‘t de soarch en de kosten ferdield wurde.

It opstellen fan in âlderskipsplan

Betroubere ûnôfhinklike ynformaasje fia Judex

Foar fergees advys kinst terjochte op de site fan Judex. Der fynst hûnderten artikels, praktykfoarbylden en tsientallen juridyske dokuminten útwurke troch in tal spesjalisearre mediators, in notaris en in gerjochtsdoarwarder. De site fan Judex ferwiist ek troch nei oansletten juridyske professionals dy ‘t je fierder helpe kinne.

Besjoch de advyzen fan Judex

Fergees juridysk advys fan it Juridysk Loket

Mei fragen oer skieden kinst ûnder oare terjochte by it juridysk loket. Sy helpe mei juridyske fraachstikken. Se biede fergees rjochtshelp by skiedingen ast yn’e beneaming komst foar rjochtsbystân. Op it YouTube-kanaal fan it Juridysk loket fynst handige fideo’s mei de antwurden op faak stelde fragen.

Nei it YouTube-kanaal Nei de webside

It regeljen fan dyn skieding

  • Download de tsjeklist
  • Finansjeel
    • Alimintaasje
    • Banksaken
    • Belestingen
    • Finânsjes fan de bern
    • Pensioenen
    • Skulden
    • Taslaggen
    • Fersekeringen
  • Wenning
    • In hierwenning ferdiele
    • In keapwenning ferdiele
  • Besittingen
  • Juridys
    • Advokaat of mediator
    • Echtskiedingskonvenant opstellen
    • Âlderskipsplan opstellen
Ekstra ynformaasje
  • Bern & Jongerein
  • Belutsenen
  • Professionals

Help it platfoarm

Der is in hiel soad ynformaasje rûnom skiede te finen. Om dit platfoarm sa kompleet mooglik te meitsjen, kinne wy dyn help wol brûke! Mis dyn bepaalde ynformaasje en hast oanfollingen op ús webside? Jou se dan oan ús troch.

Ynformaasje oanfolje
  • Disclaimer
  • Kolofon