It is net dyn skuld

In skieding kin bêst wol yngewikkeld wêze. Der sil meastal in soad foar dy feroarje en do fielst dy miskien soms fertrietlik, lilk of yn’e war. Wit dat it dyn skuld net is dat dyn âlden útinoar geane. Do kinst der neat oan dwaan. Dyn âlden sille altyd dyn âlden bliuwe, ek al binne se net mear byinoar. Prate luchtet by in hiel soad bern op. Wolst mei in oar prate as dyn âlden? Miskien hast wol in freondintsje, freontsje of buorfrou dêr’tst dyn ferhaal by kwyt kinst. Of by dyn juf, meester of sportcoach.

Wêr kin ik mei myn ferhaal én fragen terjochte?

Wolst leaver mei ien prate of chatte dy’tst net kenst? Dan binne der in tal plakken dêr’t je je hert luchtsje kinne, of ferhalen fan oaren lêze kinne. Ien dy’t gjin kant kiest, nei dy harket en wit hoe’t hy of sy dy helpe kin. Wy sette hjirûnder in tal mooglikheden foar dy op in rige:

Bist net allinnich, praat mei in buddy

Ast dat wolst, dan kinst by Villa Pinedo mei ien chatte dy’t ek in skieding meimakke hat op dyn leeftyd. Sa ‘ nien hjit in Buddy. Je krije in eigen Buddy en je kinne by him of har je ferhaal kwyt of gewoan efkes prate oer je dei. De buddy harket graach nei dy. It oanfreegjen fan in Buddy kostet neat en hast der gjin tastimming fan dyn âlden foar nedich.

Myn buddy soarget derfoar dat ik rêstiger bin en net mei stomme dingen yn ‘e holle sitten bliuwe. Dat ik it dalik sizze kin en alles kwyt kin wat my dwers sit oer de skieding, en ek oer oare dingen. Ik fyn it fijn dat ik myn Buddy dêrfoar ha.
Alex

Leaver lêze as prate?

Miskien bist gjin prater en giest leaver sels op syk nei oplossingen en help. Der binne gelokkich in soad plakken dêr’t je dan telâne kinne. Sjoch ris op de side mei it helpoanbod. Dêr fynst ek in soad boeketips.

Help foar bern en jongerein

Kinst net by dyn famylje, freonen, buorlju of op skoalle terjochte mei dyn ferhaal? En wolst leaver echt by immen dyn ferhaal kwyt yn stee fan fia de telefoan of chat? Dan binne der ek mooglikheden yn dyn buert by ien dy’t in soad wit oer bern dy’t mei in skieding te krijen hawwe. Dat kin allinnich of yn groepkes. Lês hjir mear oer wat dy helpe kin by in skieding.

Fragen dy’t oare bern stelt hawwe

Myn âlden sitte yn in skieding. Wat kin ik dwan?

It kin hiel ferfelend wêze as dyn âlden midden yn in skieding sitte. Seker as se in soad rûzje mei-inoar meitsje. It is belangryk datst sels net tefolle lêst hast fan de problemen fan dyn âlden. Gebeurt dit dochs? Praat der dan oer mei in folwoeksene út dyn omjouwing. Of belje mei de Bernetelefoan. By Villa Pinedo kinst freegje om in buddy: in leeftiidsgenoat dy ‘t sels in skieding trochmakke hat en dy advys jaan kin oer hoe ‘ tst hjir it bêste mei omgiest. By wichtige beslissingen, kinne je ek de Stichting Jeugd – en Jongerenrechtswinkel om help freegje. Bygelyks om help by it skriuwen fan in brief oan de rjochter.

Wannear mei ik by de rjochter myn ferhaal fertelle?

As dyn âlden skiede, dan moatte der ôfspraken makke wurde. Komme se hjir net tegearre út? Dan stelt de rjochter in omgongsregeling fêst. Dêryn stiet ûnder oare by wa’tsto wenjen giest en hoe faak ast dyn âlden sjochst.

Alder as 12
Bist 12 jier of âlder? Dan kin de rjochter dy oproppe om del te kommen en dyn miening te jaan. Dat neame wy it harkrjocht. It petear mei de rjochter hjit it bernepetear. De rjochter harket dan goed nei dyn miening, mar dit betsjut net altyd dat er docht watsto wolst. Somtiden spylje der oare belangen mei dêr’t rekken mei hâlden wurdt. Je binne trouwens net ferplichte om nei de rjochtbank te kommen. Do meist de rjochter ek in brief stjoere.

Jonger as 12
Bist jonger as 12? Dan wurdst net automatysk oproppen. Mar do kinst de rjochter wol in brief skriuwe en freegje om in petear. Hjiryn kinst útlizze watsto graach wolle soest en wêrom. Soms nûget de rjochter dy dan dochs noch út om dyn ferhaal te fertellen. Dat meist dwaan, mar hoechst net.

Netien lústert nei my. Wat no?

Hasto it idee dat gjinien nei dy harket of fynst it lestich om lûdop te sizzen watst wolst? Dan kinst de rjochter freegje om in bysûndere kurator: in soarte fan berneadvokaat dy’t de rjochter fertelt wat dyn belang is. Bij de Kinder-en Jongerenrechtswinkel kinne se dy helpe om in briif te skriuwen, wêryn jim de rjochter freegje om san bysûndere kurator. Alden kinne dat ek fia harren eigen advokaat oanfreegje. De rjochter stimt hjir allinnich mei yn as dyn belangen en dy fan dyn âlden fier útinoar lizze.

Ik ken ien mei âlden dy’t skieden geane en ik meitsje my soargen. Wat kin ik dwan?

Miskien kenst ien mei âlden dy’t skiede sille en makkest dy soargen oer de feiligens. Yn dat gefal kinst kontakt opnimme mei Veilig Thuis. Dit mei ek anonym. Sy tinke mei dy oer wat je it bêste dwaan kinne.

Besjoch de webside fan Veilig Thuis