Oer it platfoarm
  • Fries
  • Dutch
logo
  • (eks)-partner
        • Skiede of net?
        • Omgean mei in skieding
          • Kommunisearje mei dyn (eks)-partner
          • De impact op de bern
          • Help by it ferwurkjen
        • tsjeklist
        • Skieding regelje
          • Finansjeel
            • Alimintaasje
            • Banksaken
            • Belestingen
            • De finânsjes fan de bern
            • Pensioenen
            • Skulden
            • Taslaggen
            • Fersekeringen
          • Wenning
            • In keapwenning ferdiele
            • In hierwenning ferdiele
          • Juridyske
            • Advokaat of mediator
            • Echtskiedingskonvenant
            • Âlderskipsplan
          • Besittingen
  • Professionals
    • Professionals
    • Trainingen en kursussen
    • Handige tools
    • Professional
    • Ynformaasje oanfolje
  • Bern & jongerein
    • Bern & jongerein
    • Omgean mei in skieding
    • Underfiningsferhalen
    • Rjochten en plichten
    • Helpoanbod
  • Belutsenen
    • Belutsenen
    • Grutâlder
    • (takomstige) Styfâlders
  • Fries
  • Nederlands

It opstellen fan in âlderskipsplan

As je skiede en bern hawwe dy jonger as 18 jier, dan moatte je in âlderskipsplan opstelle. Hjiryn meitsje je ôfspraken oer de soarch en opfieding fan de bern. Want ek al geane jim skieden, jim bliuwe mei-inoar ferantwurdlik foar de bern.

Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:

  • Hokker ôfspraken moatte we meitsje oer de bern?
  • Yn hoefier mei myn bern meibeslisse oer de ôfspraken?
  • Wat moat ik dwaan as wy der tegearre net útkomme?

Dit sette je yn it âlderskipsplan

Do meist sels bepale hokker ôfspraken oftst yn it âlderskipsplan fêstleist, mar de folgjende saken moatte der yn alle gefallen yn weromkomme:

Hoe ‘t de bern belutsen binne by it opstellen fan it plan

It is ferplichte om de bern te belûken by it meitsjen fan ôfspraken dy ‘t oer harren geane. Tips foar hoe ‘t je it petear mei bern oangean kinne, fine je op de side ‘De impact fan in skieding op de bern’.

Ferdieling fan de soarch- en opfiedingstaken

Hjir leist fêst hoe’tst dy taken ferdiele silst nei de skieding. Kinst bygelyks kieze foar ko-âlderskip, of dat de bern by ien fan jim wenje sille.

Hoe en hoe faak ast inoar ynformaasje joust oer de bern

Tink oan ynformaasje oer skoalle, bûsjild, medyske beslissingen. Hast hjiroer bygelyks alle wiken kontakt, alle dagen of ôfhinklik fan de situaasje? En oer hokker ûnderwerpen beslisse jimme tegearre?

Ferdieling fan de kosten

As âlden bliuwe je mei-inoar ferantwurdlik foar de kosten fan de bern. Dêr makkest mei-inoar ôfspraken oer en yn it âlderskipsplan leist dy fêst. Jim kinne bygelyks ôfprate dat jim in bernerekken iepenje, dêr’t jim beide jild op stoarte. Jim betelje dan alles foar de bern fan dy rekken ôf. Makkest ek ôfspraken oer eventuele alimintaasje.

Mear ynformaasje oer de ynhâld fan it âlderskipsplan stiet op de webside fan de Ryksoerheid.

Ryksoerheid oer it âlderskipsplan

Download foarbyld âlderskipsplan

Hoewol ‘t elke situaasje binnen húshâldingen ferskillend is, wurde der oer in oantal standert tema’s ôfspraken makke. Download in foarbyld âlderskipsplan en brûk dy as paadwizer. It binne úteinlik jimme ôfspraken of jimme húshâlding, pas it dokumint dêrom oan wier nedich. Belestingtips.nl jout in foarbyld echscheidingsconvenant dêr ‘t in ûnderdiel âlderskipsplan yn sit.

Download foarbyld âlderskipsplan

Komme jimme der sels net út?

Somtiden slagget it echt net om in goede omgongsregeling ôf te sprekken. Ek net mei help fan in advokaat of mediator. Dan kinne je ekstra help ynskeakelje.

Bygelyks mei de Begeleide OmgangsRegeling (BOR) fan frijwilligersorganisaasje Humanitas. Humanitas biedt help by it kontakt tusken jimme en de bern en set it belang fan it bern sintraal. In frijwilliger soarget der tegearre mei jim as âlden foar dat der foar beide âlden goed kontakt is mei de bern. BOR helpt bern ek mei de oergong fan de iene âlder nei de oare, jout begelieding by de omgong, kin as it nedich is de bern bringe / helje nei it ôfsprutsen plak en begeliedt en bemiddelet tusken de âlden.

Foar de Begeleide OmgangsRegeling hast gjin trochferwizing nedich.

Mear oer de BOR

Ek Jeugdhulp Friesland helpt mei de omgong tusken âlden en bern. Mei de Beskerme Omgang Coaching nei Skieding (BOCS) helpt Jeugdhulp Friesland âlder en bern by it kontakt. Sawol de âlder as it bern krije begelieding, mei in goede omgongsregeling as doel. Foar BOCS hawwe je wol in ferwizing nedich fan in gebietsteam, húsdokter of de rjochtbank.

Mear oer de BOCS

Betroubere ûnôfhinklike ynformaasje fia Judex

Foar fergees advys kinst terjochte op de site fan Judex. Der fynst hûnderten artikels, praktykfoarbylden en tsientallen juridyske dokuminten útwurke troch in tal spesjalisearre mediators, in notaris en in gerjochtsdoarwarder. De site fan Judex ferwiist ek troch nei oansletten juridyske professionals dy ‘t je fierder helpe kinne.

Besjoch de advyzen fan Judex

Fergees juridysk advys fan it Juridysk Loket

Mei fragen oer skieden kinst ûnder oare terjochte by it juridysk loket. Sy helpe mei juridyske fraachstikken. Se biede fergees rjochtshelp by skiedingen ast yn’e beneaming komst foar rjochtsbystân. Op it YouTube-kanaal fan it Juridysk loket fynst handige fideo’s mei de antwurden op faak stelde fragen.

Nei it YouTube-kanaal Nei de webside

It regeljen fan dyn skieding

  • Download de tsjeklist
  • Finansjeel
    • Alimintaasje
    • Banksaken
    • Belestingen
    • Finânsjes fan de bern
    • Pensioenen
    • Skulden
    • Taslaggen
    • Fersekeringen
  • Wenning
    • In hierwenning ferdiele
    • In keapwenning ferdiele
  • Besittingen
  • Juridys
    • Advokaat of mediator
    • Echtskiedingskonvenant opstellen
    • Âlderskipsplan opstellen
Ekstra ynformaasje
  • Bern & Jongerein
  • Belutsenen
  • Professionals

Help it platfoarm

Der is in hiel soad ynformaasje rûnom skiede te finen. Om dit platfoarm sa kompleet mooglik te meitsjen, kinne wy dyn help wol brûke! Mis dyn bepaalde ynformaasje en hast oanfollingen op ús webside? Jou se dan oan ús troch.

Ynformaasje oanfolje
  • Disclaimer
  • Kolofon