Skiede of relaasjeterapy?

Miskien bist der noch net wis fan oftst skiede wolst. Tagelyk fielst oan alles dat jim relaasje fêst driget te rinnen. Beslissingen meitsje kin dan dreech wêze. Hoe meitsje je hjiryn karren, by wa kinne je terjochte mei je ferhaal? Wat moatte je regelje by in skieidng? En wat kin relaasjeterapy foar dy of jim dwaan? Meitsje de twivels besprekber. Dat helpt om oplossingen te finen.

Regelje dyn skieding mei in handige tsjeklist

Do giest skieden fan dyn partner en wolst dat goed regelje. Dyn holle sit allinne ferskriklik fol. Wêr moatst begjinne? Om de goede stappen te setten, kinst gebrûk meitsje fan ús tsjeklist.

Hjiryn fynst de belangrykste stappen by in skieding. Mei de tsjeklist wist seker datst neat ferjitst en kinst goede ôfspraken meitsje.

Wêr wolsto mear oer witte?

Us kennisbank helpt dy by it finen fan de goede ynformaasje.

Hoe giest om mei emoasjes tidens de skieding?


By in skieding of twivels oer dyn relaasje komt der in soad op dy ôf. Emosjoneel kin dat in soad fan dy freegje. Hoe giest hjirmei om? Hoe soargest datst tidens de skieding genôch omtinken foar dysels en de bern hâldst, en hoe giest nei de skieding oan de slach mei de ferwurking? elokkich is der in soad help foar beskikber. Goed foar dysels soargje is wichtich, foaral no.

It proses fan skieden soarge derfoar dat ik emosjoneel hielendal leechsûge waard. Uteinlik krige ik nei in petear mei de húsdokter de help dy’t ik nedich hie. It giet no better mei my.
Corine