Oer it platfoarm
  • Fries
  • Dutch
logo
  • (eks)-partner
        • Skiede of net?
        • Omgean mei in skieding
          • Kommunisearje mei dyn (eks)-partner
          • De impact op de bern
          • Help by it ferwurkjen
        • tsjeklist
        • Skieding regelje
          • Finansjeel
            • Alimintaasje
            • Banksaken
            • Belestingen
            • De finânsjes fan de bern
            • Pensioenen
            • Skulden
            • Taslaggen
            • Fersekeringen
          • Wenning
            • In keapwenning ferdiele
            • In hierwenning ferdiele
          • Juridyske
            • Advokaat of mediator
            • Echtskiedingskonvenant
            • Âlderskipsplan
          • Besittingen
  • Professionals
    • Professionals
    • Trainingen en kursussen
    • Handige tools
    • Professional
    • Ynformaasje oanfolje
  • Bern & jongerein
    • Bern & jongerein
    • Omgean mei in skieding
    • Underfiningsferhalen
    • Rjochten en plichten
    • Helpoanbod
  • Belutsenen
    • Belutsenen
    • Grutâlder
    • (takomstige) Styfâlders
  • Fries
  • Nederlands

Begjin mei it regeljen fan dyn skieding

In skieding regelje is net wat dat je samar dogge. It kostet in soad tiid, enerzjy, muoite en der komme geregeld emoasjes by te sjen. Miskien bist teloarsteld, lilk, frustrearre of fertrietlik. Of alles tagelyk.

Der komt in soad op je ôf en jim moatte ek ôfspraken meitsje oer de takomst. Dat kin ekstra lestich wêze asto net dejinge bist dy’t besletten hat om te skieden. Dochs is it wichtich de saken goed te regeljen foar dysels, dyn (eks) partner en de bern.

Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:

  • Hokker stappen moatst sette by in skieding?
  • Hokker help kinst krije by it regeljen?
  • Wêr fine je mear ynformaasje oer it skieden fan in bûtenlânske partner?
  • Kinne je online skiede?

De stappen fan in skieding

Hoe pakst dat oan, it oanfreegjen fan in skieding? It komt derop del datst tawurkest nei in dokumint, meastal in echtskiedingskonvenant, dêr’t ôfspraken yn steane. Ofspraken oer hoe’tst alles tegearre regelest. Tink oan wat der mei de wenning, skulden, lieningen, banksaken en fersekeringen bart en hoe’t je bygelyks de ynboel en oar guod ferdiele.
Wêr begjinst? Wy sette it foar dy op in rige.

Stap 1 – Lis de ôfspraken fêst

As jim as húshâlding útinoar geane, is it nedich om ôfspraken te meitsjen. Oer jim besittingen, finânsjes, wenning en opfieding fan de bern. Dizze ôfspraken wurde fêstlein yn it echtskiedingskonvenant en it âlderskipsplan. Beide dokuminten binne nedich om skiede te kinnen.

Echtskiedingskonvenant opstelle Alderskipsplan opstelle


Dizze dokuminten kinne jim sels opstelle. Wannear’t ûnderling it oerlizzen muoisum giet of wannear’t ynhâldlike karren yngewikkeld binne, kinst gebrûk meitsje fan in mediator of advokaat. Dit is net ferplicht, mar kin helpe as de juridyske kant fan in skieding dreech foar dy is.

In mediator of advokaat is by it meitsjen fan ôfspraken net ferplichte, letter yn it proses is in mediator of advokaat wól ferplichte.

Advokaat of mediator ynskeakelje by in skieding

Stap 2 – Freegje de skieding oan by de rjochter

As alle ôfspraken op papier stean, kin de skieding oanfrege wurde by de rjochter. Hjir hast in advokaat foar nedich.

Stap 3 – Jou nei goedkarring fan de rjochter, de skieding troch oan de gemeente

As de skieding goedkard is troch de rjochter, kinst de skieding trochjaan oan de gemeente. Let op: dit moat binnen 6 moannen nei de goedkarring fan de rjochter barre.
Mear ynformaasje oer it regeljen fan in skieding fynst op de webside fan de Ryksoerheid.

Mear ynformaassje by de Rijksoerheid

Oersjoch by dyn skieding mei handige tsjeklist

Do giest skieden fan dyn partner en wolst dat goed regelje. Mar wêr moatst begjinne? Om de goede stappen te setten, kinst gebrûk meitsje fan ús tsjeklist.
Hjiryn fynst de belangrykste stappen by in skieding. Mei de tsjeklist witte je seker dat je neat ferjitte en kinne je passende ôfspraken meitsje.

Oan de slach mei dyn tsjeklist

Mear ynformaasje rûnom ferskeidene tema’s

Juridysk

As je skieden gean, moatte je in oantal dingen goed fêstlizze. Dizze ôfspraken leist fêst yn in echtskiedingskonvenant. De ôfspraken oer jim bern lizze jim fêst yn in âlderskipsplan.

Lês mear
Finânsjes

We dûke yn de finânsjes. Fan alimintaasje oant banksaken en fan taslaggen oant en mei pensjoen.

Lês mear
Besittingen

Hoe ferdielst de ynboel en soargest datst earlik dielst? In tal tips en handige sites.

Lês mear
Wenje

Moatst dyn hûs út? Kinst hieren bliuwe, keapje of moat it oars? Fyn mear dúdlikens oer de ferdieling fan jim wenning.

Lês mear
Bern

Alles wat jim ôfprate oer de bern komt by inoar yn ien dokumint: it âlderskipsplan. Hjir fynst ek mear oer help foar dyn bern.

Lês mear

Ferlytsje de impact op de bern

60% fan de bern ûnderfynt de skieding as in fjochtskieding. In skieding hat altyd impact op de bern. As âlden hawwe jim dêr in grutte ynfloed op. It is dêrom wichtich om it bern sintraal sette te bliuwen by it skiedingsproses. Troch each foar it bern te hâlden, ferlytst faak de gefolgen.

De impact op de bern
❝
Ek al gie it dreech tusken myn heit en mem, se besochten it bêste foar my en myn suske te sykjen. Dêr bin ik bliid om.
❞
Sam

Skiede fan in bûtenlânske partner

Silst skiede fan in bûtenlânske partner? Dan jilde der mooglik oare rigels. Besjoch se fia de site fan de Ryksoerheid.

Skiede fan in bûtenlânske partner

Dyn skieding online oanfreegje

In skieding kinst ek online oanfreegje. It is faak goedkeaper as in ‘normale’ skieding en makliker te regeljen. Wol moatte je oan in tal regels foldwaan. Men moat bygelyks beide skiede wolle, dúdlike ôfspraken mei de oar meitsje wolle en ree wêze om mei-inoar in âlderskipsplan te meitsjen.
Mear oer it oanfreegjen en regeljen fan in online skieding fynst fia Judex.nl.

Mear oer in online skieding

Faak stelde fragen

Wat kostet in skieding?

By in skieding moatte je rekken hâlde mei ferskate kosten. De kosten fan bygelyks in advokaat, mediator of fierjochten. Hokker kosten der noch mear by in skieding komme, fynst op de side fan de Ryksoerheid.. Lês mear op de webside fan de Ryksoerheid

Hoe begjin ik in skieding?

HIt komt derop del datst tawurkest nei in dokumint, meastal in echtskiedingskonvenant, dêr’t ôfspraken yn steane. Ofspraken oer hoe’tst alles tegearre regelest. Tink oan wat der mei de wenning, skulden, lieningen, banksaken en fersekeringen bart en hoe’t je bygelyks de ynboel en oar guod ferdiele. Op dizze side fynst mear ynformaasje, ek op de site fan it juridysk loket sjogge je hokker stappen je nimme moatte. Lês mear op de webside fan it Juridysk Loket

Bin ik ferplichte in âlderskipsplan op te stellen?

In âlderskipsplan is sûnt 2009 ferplicht foar âlden dy’t troud binne of in registrearre partnerskip hawwe en gearwenjende âlden mei mienskiplik gesach. Lês mear oer it opstellen fan in âlderskipsplan

Ik gean skeiden, mar bin net troud. Wat moat ik regelje?

Ast tegearre mei dyn partner bern hast, dan bist – ek sûnder gearlibbingskontrakt – elk ferplichte om de bern (finansjeel) te fersoargjen en op te fieden. Mear oer dizze rjochten en plichten fynst op de webside fan Judex. Lês mear op de webside fan Judex

It regeljen fan dyn skieding

  • Download de tsjeklist
  • Finansjeel
    • Alimintaasje
    • Banksaken
    • Belestingen
    • Finânsjes fan de bern
    • Pensioenen
    • Skulden
    • Taslaggen
    • Fersekeringen
  • Wenning
    • In hierwenning ferdiele
    • In keapwenning ferdiele
  • Besittingen
  • Juridys
    • Advokaat of mediator
    • Echtskiedingskonvenant opstellen
    • Âlderskipsplan opstellen
Ekstra ynformaasje
  • Bern & Jongerein
  • Belutsenen
  • Professionals

Help it platfoarm

Der is in hiel soad ynformaasje rûnom skiede te finen. Om dit platfoarm sa kompleet mooglik te meitsjen, kinne wy dyn help wol brûke! Mis dyn bepaalde ynformaasje en hast oanfollingen op ús webside? Jou se dan oan ús troch.

Ynformaasje oanfolje
  • Disclaimer
  • Kolofon