Oer it platfoarm
  • Fries
  • Dutch
logo
  • (eks)-partner
        • Skiede of net?
        • Omgean mei in skieding
          • Kommunisearje mei dyn (eks)-partner
          • De impact op de bern
          • Help by it ferwurkjen
        • tsjeklist
        • Skieding regelje
          • Finansjeel
            • Alimintaasje
            • Banksaken
            • Belestingen
            • De finânsjes fan de bern
            • Pensioenen
            • Skulden
            • Taslaggen
            • Fersekeringen
          • Wenning
            • In keapwenning ferdiele
            • In hierwenning ferdiele
          • Juridyske
            • Advokaat of mediator
            • Echtskiedingskonvenant
            • Âlderskipsplan
          • Besittingen
  • Professionals
    • Professionals
    • Trainingen en kursussen
    • Handige tools
    • Professional
    • Ynformaasje oanfolje
  • Bern & jongerein
    • Bern & jongerein
    • Omgean mei in skieding
    • Underfiningsferhalen
    • Rjochten en plichten
    • Helpoanbod
  • Belutsenen
    • Belutsenen
    • Grutâlder
    • (takomstige) Styfâlders
  • Fries
  • Nederlands

Besittingen ferdiele by in skeiding

Dy tafel dysto fan dyn mem krigest, is dy fan dy, of fan dyn partner? Elke helte miskien? It ferdielen fan besittingen kin dreech wêze. Seker as de kommunikaasje stroef ferrint en de emoasjes oprinne. Hoe soargje je der dan dochs foar dat je de besittingen (en dy fan de bern) goed ferdiele? En hoe sit it ast tegearre saaklike besittingen hast?

Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:

  • Hoe bringe je alle besittingen yn kaart?
  • Hoe regelje je de ferdieling fan it guod goed?

Sa begjinst it ferdielen

Om saken te ferdielen is it goed om te witten wat de wearde fan it guod is. It is dêrom handich om te begjinnen mei it opstellen fan in list mei guod en oar te ferdielen saken. Ast ynsichtlik hast wat der allegear ferdield wurde moat, is it ferdielen in stik makliker.

Roerende saken
Roerende saken binne saken dy’t net fêstsitte oan de wenning. Dus dêr falt bygelyks de ynboel ûnder: meubels, laptops, keukenapparatuer en oar ‘los’ guod yn en om dyn hûs. Auto’s hearre ek by roerende saken. It is dus handich om dêr in list fan te meitsjen en dêrnei per foarwerp de wearde by te setten. Op dy wize kinne jim it goed ferdiele en it eventuele ferskil yn wearde dêrnei ferrekkenje.

Finansjele saken
Njonken de boppesteande saken binne der ek finansjele saken om te ferdielen. Tink oan jild, mar ek skulden, lieningen, fersekeringen en pensjoen. Meitsje in list fan de finansjele saken dy ‘t te ferdielen binne en gean foar elk ûnderdiel te wurk. Omdat der bêst in soad banksaken en oare finansjele ûnderdielen binne om ôfspraken oer te meitsjen, hawwe wy it yn ús tsjeklist oersichtlik foar dy makke.

Oan’e gong mei de tsjeklist

De wenning
Om de wenning te ferdielen hoechst gjin list op te stellen. Mar der moatte wol ôfspraken oer makke wurde. By it ferdielen fan de wenning komt in soad te sjen. Geane jim it hûs ferkeapjen en beide earne oars wenje? Bliuwt ien fan jimme yn it hûs te wenjen? Wat bart der mei de hypoteek? It antwurd op al dy fragen kinst fine op ús side oer keapwenten.

Wenning ferdiele

Help by it ferdielen

Dizze sites jouwe mear ynsjoch yn hoe’tst omgean kinst mei de ferdieling fan dyn ynboel, skulden en besittingen:

NIBUD
Lês mear
Rechtwijzer
Lês mear
De Nationale Adviesbalie
Lês mear

Hâld rekken mei de houliksbetingsten

By it ferdielen fan besittingen moatst rekken hâlde mei hoe’tst troud bist. As je yn mienskip fan guod troud binne, dan ferdiele je alles yn prinsipe 50/50. Bist troud ûnder houliksbetingsten, dan sit dat oars. Yn de betingsten is dan faak opnommen hoe’t de ferdieling ferrint.

Lês mear oer skiede mei houliksbetingsten

As ûndernimmer kin dyn bedriuw ek ûnder besit falle

As ien fan jim in eigen ûndernimming hat, kin dy ek ûnder besit falle. Dit hat ek te krijen mei de wize wêrop jim troud binne. As jim yn mienskip fan guod troud binne, dan falt de wearde fan it bedriuw ûnder it te ferdielen besit. Je partner hat dan rjocht op de helte fan de wearde fan it bedriuw. As it oars fêstlein is yn houliksbetingsten. Hoe’t skieden mei in eigen ûndernimming krekt sit, lêze je op de webside fan ‘e Keamer fan Keaphannel.

Ferdieling fan in ûndernimmig by it skieden

It regeljen fan dyn skieding

  • Download de tsjeklist
  • Finansjeel
    • Alimintaasje
    • Banksaken
    • Belestingen
    • Finânsjes fan de bern
    • Pensioenen
    • Skulden
    • Taslaggen
    • Fersekeringen
  • Wenning
    • In hierwenning ferdiele
    • In keapwenning ferdiele
  • Besittingen
  • Juridys
    • Advokaat of mediator
    • Echtskiedingskonvenant opstellen
    • Âlderskipsplan opstellen
Ekstra ynformaasje
  • Bern & Jongerein
  • Belutsenen
  • Professionals

Help it platfoarm

Der is in hiel soad ynformaasje rûnom skiede te finen. Om dit platfoarm sa kompleet mooglik te meitsjen, kinne wy dyn help wol brûke! Mis dyn bepaalde ynformaasje en hast oanfollingen op ús webside? Jou se dan oan ús troch.

Ynformaasje oanfolje
  • Disclaimer
  • Kolofon