Sa fertelst de bern dat jim skieden gean

It is dreech om oan de bern te fertellen datst útinoar giest. In soad âlden sjogge der ek tsjinoan. Mar it is foar de bern hiel wichtich datst tekst en útlis joust, sadat it bern net bang wurdt. It is dus wichtich om it petear op in goede wize oan te gean. Der binne in oantal punten dêr’tst om tinke kinst:

Fertel it pas as it beslút fêststiet

Fertel de bern pas oer de skieding as jim der echt wis fan binne dat jim útinoar geane. Foar bern is it nammentlik noflik as der dúdlikheid is. Faak fiele bern ek wol oan dat der wat oan’e hân is. As dat sa is, kinne se sels dingen ynfolje en wurde se miskien wol eangstich. It is dan wichtich om gau dúdlikheid te jaan.

Fier it petear tegearre

Om de bern in feilich gefoel te jaan, is it ferstannich om it petear tegearre oan te gean. Dus mei beide âlden. Do litst dan sjen dat it bern beide âlden hâldt, ek al binne jim aanst útinoar. Ferdiel fan tefoaren wa t wat fertelle sil, soargje dat jim inoar net tsjinsprekke en dat der gjin rûzjes ûntstean. Ferwachtest dat der wol rûzjes ûntstean, dan kinst derfoar kieze om it petear dochs net tegearre te fieren.

Tink derom hoest it ferwurdest stel de bern gerêst

It ferskilt fansels per leeftyd oft it bern begrypt wat der barre sil of net. Om derfoar te soargjen dat de bern it begripe, kinne je bygelyks koart útlizze wat it krekt foar gefolgen hat. Bygelyks dat jimme útinoar gean en aanst net mear yn ien hûs wenje. It is ek goed om de bern om in reaksje te freegjen. Mar jou se hjirfoar ek efkes de tiid. Miskien komme se nei in pear dagen wol pas mei fragen. It wichtichste is miskien wol dat je de bern net it gefoel jouwe dat it harren skuld is. Fertel dêrom dat jimme as âlden noch hieltyd beide fan de bern hâlde en dat jim ek nei de skieding tegearre foar har soargje sille.

De gefolgen fan in skieding foar de bern

De gefolgen fan in skieding ferskille per leeftiidskategory. It Nederlânsk Jeugdynstitút sette faak foarkommende gefolgen per leeftyd op in rige.

Meitsje de impact fan de skieiding lytser

In skieding hat faak in grutte impact op bern en jongerein. It hat bygelyks geregeld gefolgen foar learprestaasjes en it kin soargje foar emosjonele of sosjale problemen. Troch bern en jongerein in soad omtinken, stipe en útlis te jaan, kinne je de impact sa lyts mooglik hâlde. It is dêrby wichtich datst rekken hâldst mei de leeftyd fan it bern, mar ek mei syn of har ferlet. De folgjende saken kinne helpe om de impact op de bern te ferlytsjen:

  • Praat net negatyf oer dyn (eks)partner yn it bywêzen fan ‘e bern.
  • Praat net oer dyn (eks)partner yn de hy of sy foarm. De bern hawwe altyd twa âlden, ek al binne se net mear byinoar.
  • Set de bern sintraal by it nimmen fan beslissingen en it meitsjen fan ôfspraken. Bygelyks ôfspraken oer húsdieren kinne foar in bern tige wichtich wêze.
  • Lit it normale libben ek trochgean; hobby’s en boartsje mei freonen binne wichtich foar de ûntwikkeling.
  • Skeakelje (profesjonele) help yn as dat nedich is. Gean bygelyks nei de húsdokter of wiis dyn bern op inisjativen as Villa Pinedo.

Boeken foar en oer bern yn in skieding

Der binne in soad boeken skreaun oer skiedingen. It lêzen of foarlêzen fan boeken hjiroer kin bern helpe mei it snappen, omgean mei en ferwurkjen fan in skieding. Op ús side mei helpmiddels foar bern en jongerein fynst in wiidweidich oersjoch fan dizze boeken.

Lear better mei emoasjes omgean

Foar dy en de bern is it wichtich om oer emoasjes praten te bliuwen. Belûk bern by wichtige beslissingen en lit se witte dat se der net allinnich foar stean. Prate, skriuwe, muzyk harkje en bewege kinne allegear manieren wêze om mei emoasjes om te gean. Ek mindfullness en meditaasje hawwe faak in positive útwurking. Wiis bern op spesjale websiden dêr’t se omgean leare mei heftige emoasjes. Sa kinne se bygelyks by Villa Pinedo terjochte as se mei in leeftiidsgenoat prate wolle.

Villa Pinedo is der net allinnich foar bern. Troch dy as âlder troch de eagen fan dyn bern sjen te litten, besiket Villa Pinedo de gefolgen fan in skieding foar dyn bern te ferlytsjen. Sa hawwe se spesjaal foar âlden bygelyks iepen brieven, wêryn’t bern dy meinimme yn harren emoasjes en ûnderfiningen by de skieding. Dêrneist fynst by Villa Pinedo in online training, boek en blogs en vlogs oer de impact fan in skieding op bern.

Logo Villa Pinedo

Faak stelde fragen

Moatte je jonge bern ek fertelle dat je skieden gean? En hoe dochst dat?

Poppen en pjutten kinne de skieding noch net begripe. Mar seker pjutten fernimme wol dat der wat feroaret. Op de webside fan KIES sjochst de gefolgen per leeftyd en fynst tips oer hoe’tst per leeftiid mei de skieding omgean kinst.

Lear mear oer de gefolgen per leeftyd