Oer it platfoarm
  • Fries
  • Dutch
logo
  • (eks)-partner
        • Skiede of net?
        • Omgean mei in skieding
          • Kommunisearje mei dyn (eks)-partner
          • De impact op de bern
          • Help by it ferwurkjen
        • tsjeklist
        • Skieding regelje
          • Finansjeel
            • Alimintaasje
            • Banksaken
            • Belestingen
            • De finânsjes fan de bern
            • Pensioenen
            • Skulden
            • Taslaggen
            • Fersekeringen
          • Wenning
            • In keapwenning ferdiele
            • In hierwenning ferdiele
          • Juridyske
            • Advokaat of mediator
            • Echtskiedingskonvenant
            • Âlderskipsplan
          • Besittingen
  • Professionals
    • Professionals
    • Trainingen en kursussen
    • Handige tools
    • Professional
    • Ynformaasje oanfolje
  • Bern & jongerein
    • Bern & jongerein
    • Omgean mei in skieding
    • Underfiningsferhalen
    • Rjochten en plichten
    • Helpoanbod
  • Belutsenen
    • Belutsenen
    • Grutâlder
    • (takomstige) Styfâlders
  • Fries
  • Nederlands

Banksaken regelje by in skieding

In skieding hat in soad gefolgen foar dyn banksaken. Bygelyks foar mienskiplike rekkens, creditcards of rinnende ynkasso’s.

Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:

  • Hokker banksaken moatte je regelje?
  • Hoe geane jimme om mei de mienskiplike rekkens?

Rekkens ferdiele

As jim ien of mear mienskiplike rekkens hawwe, is it belangryk om dêrby stil te stean by de skieding. Oer it algemien binne der twa opsjes as jimme mei-inoar in betelle -, spar -, of belizzingsrekken hawwe. Jim kinne de rekken(en) oersette nei ien fan jimme, of de rekken(en) opsizze (en eventueel in nije iepenje).

As ien fan jimme de rekken hâldt, is it belangryk datst de automatyske ynkasso’s delrinst. Eventueel kinst in oantal stopsette of oersette op in oare rekken. It is ek wichtich om de ynlochgegevens fan it ynternetbankierjen te feroarjen, sadat allinnich dejinge fan wa’t de rekken is, ynlogge kin.

Creditcard

Ha jim tegearre in creditcard? Dan is de maklikste opsje om dy op te sizzen en sels in nije oan te skaffen. Ha jimme tegearre in creditcard, mar stiet der mar ien fan jim nammen derop? Dan kin dejinge wêrfan de namme derop stiet de creditcard hâlde, of it moast wêze dat der fansels wat oars ôfpraat wurdt.

Hypotheek en oare lieningen

By in skieding is it ek wichtich om ôfspraken te meitsjen oer lieningen. Sa hawwe jim faaks wol mei-inoar in hûs kocht mei in hypoteek, of binne der oare mienskiplike lieningen. Ynformaasje oer de hypoteek by in skieding fynst op ús side oer wenjen.

Wenning ferdiele by in skieding

Neist de hypoteek hawwe jim miskien wol oare lieningen. Tink bygelyks oan in liening foar in ferbouwing, keapje op ôfbetelling fan bygelyks webshops of it leasen fan guod. Mar ek read stean falt ûnder lieningen. Gean de lieningen bydel en sjoch wa’t wêr ferantwurdlik foar is.

Besjoch de ynformaasje per bank

Om dyn banksaken goed te regeljen, is it handich om op de webside fan dyn bank te sjen. Guon banken hawwe sels in aparte side mei ynformaasje oer de banksaken om de skieding hinne:

ABN AMRO
Lês mear
SNS
Lês mear
Rabobank
Lês mear
ING
Lês mear

Neist boppesteande banksaken binne der ek noch oare finansjele saken dy’tst regelje kinst (of moatst). In oersjoch fan de belangrykste saken fynst op ús side mei finânsjes.

Finânsjes regelje by in skieding

It regeljen fan dyn skieding

  • Download de tsjeklist
  • Finansjeel
    • Alimintaasje
    • Banksaken
    • Belestingen
    • Finânsjes fan de bern
    • Pensioenen
    • Skulden
    • Taslaggen
    • Fersekeringen
  • Wenning
    • In hierwenning ferdiele
    • In keapwenning ferdiele
  • Besittingen
  • Juridys
    • Advokaat of mediator
    • Echtskiedingskonvenant opstellen
    • Âlderskipsplan opstellen
Ekstra ynformaasje
  • Bern & Jongerein
  • Belutsenen
  • Professionals

Help it platfoarm

Der is in hiel soad ynformaasje rûnom skiede te finen. Om dit platfoarm sa kompleet mooglik te meitsjen, kinne wy dyn help wol brûke! Mis dyn bepaalde ynformaasje en hast oanfollingen op ús webside? Jou se dan oan ús troch.

Ynformaasje oanfolje
  • Disclaimer
  • Kolofon