Help foar bern en jongerein by in skieding
Dat dyn âlden útinoar geane, kin bêst dreech wêze. Soms is prate mei dyn famylje, freonen of buorlju net genôch en is it fijn om wat ekstra help te krijen fan in oar. Op dizze side fynst in soad ynformaasje dy ‘t dy helpe kin. Miskien helpt it om deroer te praten, om oare bern te moetsjen dy ‘t ek skieden âlden hawwe, of just om efkes net oer de skieding nei te tinken. Kinst dyn âlden of ien op skoalle freegje om dy te helpen by dyn kar.
Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:
- Hokker help kinst as bern krije by in skieding?
- Hokker help kinst op skoalle krije by in skieding?
- Wat binne aardige en nijsgjirrige boeken foar alle leeftiden?