Juridysk
As je skieden gean, moatte je in oantal dingen goed fêstlizze. Dizze ôfspraken leist fêst yn in echtskiedingskonvenant. De ôfspraken oer jim bern lizze jim fêst yn in âlderskipsplan.
In skieding regelje is net wat dat je samar dogge. It kostet in soad tiid, enerzjy, muoite en der komme geregeld emoasjes by te sjen. Miskien bist teloarsteld, lilk, frustrearre of fertrietlik. Of alles tagelyk.
Der komt in soad op je ôf en jim moatte ek ôfspraken meitsje oer de takomst. Dat kin ekstra lestich wêze asto net dejinge bist dy’t besletten hat om te skieden. Dochs is it wichtich de saken goed te regeljen foar dysels, dyn (eks) partner en de bern.
Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:
Hoe pakst dat oan, it oanfreegjen fan in skieding? It komt derop del datst tawurkest nei in dokumint, meastal in echtskiedingskonvenant, dêr’t ôfspraken yn steane. Ofspraken oer hoe’tst alles tegearre regelest. Tink oan wat der mei de wenning, skulden, lieningen, banksaken en fersekeringen bart en hoe’t je bygelyks de ynboel en oar guod ferdiele.
Wêr begjinst? Wy sette it foar dy op in rige.
As jim as húshâlding útinoar geane, is it nedich om ôfspraken te meitsjen. Oer jim besittingen, finânsjes, wenning en opfieding fan de bern. Dizze ôfspraken wurde fêstlein yn it echtskiedingskonvenant en it âlderskipsplan. Beide dokuminten binne nedich om skiede te kinnen.
Dizze dokuminten kinne jim sels opstelle. Wannear’t ûnderling it oerlizzen muoisum giet of wannear’t ynhâldlike karren yngewikkeld binne, kinst gebrûk meitsje fan in mediator of advokaat. Dit is net ferplicht, mar kin helpe as de juridyske kant fan in skieding dreech foar dy is.
In mediator of advokaat is by it meitsjen fan ôfspraken net ferplichte, letter yn it proses is in mediator of advokaat wól ferplichte.
As alle ôfspraken op papier stean, kin de skieding oanfrege wurde by de rjochter. Hjir hast in advokaat foar nedich.
As de skieding goedkard is troch de rjochter, kinst de skieding trochjaan oan de gemeente. Let op: dit moat binnen 6 moannen nei de goedkarring fan de rjochter barre.
Mear ynformaasje oer it regeljen fan in skieding fynst op de webside fan de Ryksoerheid.
Do giest skieden fan dyn partner en wolst dat goed regelje. Mar wêr moatst begjinne? Om de goede stappen te setten, kinst gebrûk meitsje fan ús tsjeklist.
Hjiryn fynst de belangrykste stappen by in skieding. Mei de tsjeklist witte je seker dat je neat ferjitte en kinne je passende ôfspraken meitsje.
60% fan de bern ûnderfynt de skieding as in fjochtskieding. In skieding hat altyd impact op de bern. As âlden hawwe jim dêr in grutte ynfloed op. It is dêrom wichtich om it bern sintraal sette te bliuwen by it skiedingsproses. Troch each foar it bern te hâlden, ferlytst faak de gefolgen.
Silst skiede fan in bûtenlânske partner? Dan jilde der mooglik oare rigels. Besjoch se fia de site fan de Ryksoerheid.
In skieding kinst ek online oanfreegje. It is faak goedkeaper as in ‘normale’ skieding en makliker te regeljen. Wol moatte je oan in tal regels foldwaan. Men moat bygelyks beide skiede wolle, dúdlike ôfspraken mei de oar meitsje wolle en ree wêze om mei-inoar in âlderskipsplan te meitsjen.
Mear oer it oanfreegjen en regeljen fan in online skieding fynst fia Judex.nl.
By in skieding moatte je rekken hâlde mei ferskate kosten. De kosten fan bygelyks in advokaat, mediator of fierjochten. Hokker kosten der noch mear by in skieding komme, fynst op de side fan de Ryksoerheid.. Lês mear op de webside fan de Ryksoerheid
HIt komt derop del datst tawurkest nei in dokumint, meastal in echtskiedingskonvenant, dêr’t ôfspraken yn steane. Ofspraken oer hoe’tst alles tegearre regelest. Tink oan wat der mei de wenning, skulden, lieningen, banksaken en fersekeringen bart en hoe’t je bygelyks de ynboel en oar guod ferdiele. Op dizze side fynst mear ynformaasje, ek op de site fan it juridysk loket sjogge je hokker stappen je nimme moatte. Lês mear op de webside fan it Juridysk Loket
In âlderskipsplan is sûnt 2009 ferplicht foar âlden dy’t troud binne of in registrearre partnerskip hawwe en gearwenjende âlden mei mienskiplik gesach. Lês mear oer it opstellen fan in âlderskipsplan
Ast tegearre mei dyn partner bern hast, dan bist – ek sûnder gearlibbingskontrakt – elk ferplichte om de bern (finansjeel) te fersoargjen en op te fieden. Mear oer dizze rjochten en plichten fynst op de webside fan Judex. Lês mear op de webside fan Judex