VFAS
By vFAS binne profesjonele mediators oansletten, dy ‘t spesjalisearre binne yn famylje – en erfrjocht.
In advokaat of mediator kin wichtich wêze by in skieding. Om te skieden moatte der ôfspraken makke en fêstlein wurde. In advokaat of mediator kin helpe by it opstellen fan dy ôfspraken.
Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:
Oan it ynskeakeljen fan in advokaat en mediator binne beide kosten ferbûn. Mar wat binne de ferskillen? In mediator treedt op as bemiddeler. Dat kin handich wêze om belangen byinoar te bringen. As do en dyn (eks)partner muoite hawwe om de skieding yn goed oerlis te regeljen, dan is mediation in goede opsje. De mediator sil dan yn petear mei jimme en alle ôfspraken wurde yn goed oerlis makke. In mediator nimt gjin besluten, mar helpt partners byinoar om ta besluten te kommen dêr’t se beide tefreden mei binne. Dêrneist helpt de mediator ek om dit alles goed fêst te lizzen.
Kinne of wolle jim net mear yn goed oerlis ôfspraken meitsje, dan kinne jim derfoar kieze om de help fan in advokaat yn te skeakeljen. In advokaat is partijdich en komt dus op foar dyn belangen. Dêrneist sjocht hy of sy minder nei it oerlis en mear nei de juridyske kant. Mei de advokaat silst de ôfspraken op papier sette en de advokaat ûnderhannelet foar dy mei de advokaat fan dyn partner.
In advokaat freget ek jim skieding oan en tsjinnet úteinlik jimme echtskiedingskonvenant yn by de rjochter. Kinst ek kieze foar ien mienskiplike advokaat.
Oanfreegjen fan de skieding De skieding moat, as alles goed op papier stiet, oanfrege wurde by de rjochtbank. Yn in soad gefallen kin in erkende mediator dat foar dy dwaan. In advokaat kin dat ek foar dy regelje.
Fyn in goede mediator of advokaat. It is wichtich om de mediator goed út te kiezen, want in hiel soad minsken kinne harsels mediator neame. Ek sûnder diploma. En om it belang fan de bern yn it juridyske proses yn it each te hâlden is it oan te rieden om in advokaat mei ûnderfining yn mediation te sykjen.
Hjirûnder fynst beropsferieningen. Sikest in mediator of advokaat dy ‘t oansletten is by ien fan dy ferieningen, dan witst dat dy in erkende oplieding hân hat én wurket út de prinsipes fan mediation wei.
Giest foar in skiedingsadvokaat, dan fynst op de webside fan Echtscheiding.nl in ûnôfhinklik oersjoch fan advokaten yn Fryslân, dy’t spesjalisearre binne yn skiedingen.
Foar fergees advys kinst terjochte op de site fan Judex. Der fynst hûnderten artikels, praktykfoarbylden en tsientallen juridyske dokuminten útwurke troch in tal spesjalisearre mediators, in notaris en in gerjochtsdoarwarder. De site fan Judex ferwiist ek troch nei oansletten juridyske professionals dy ‘t je fierder helpe kinne.
Mei fragen oer skieden kinst ûnder oare terjochte by it juridysk loket. Sy helpe mei juridyske fraachstikken. Se biede fergees rjochtshelp by skiedingen ast yn’e beneaming komst foar rjochtsbystân. Op it YouTube-kanaal fan it Juridysk loket fynst handige fideo’s mei de antwurden op faak stelde fragen.
It skieden mei in mediator is oer it algemien goedkeaper. In advokaat is djoerder en dêrby duorret it skiedingsproses mei help fan in advokaat faak langer. Dit soarget derfoar dat it skieden mei in advokaat djoerder is.
Oft in advokaat needsaaklik is, hinget ôf fan dyn situaasje.
Registrearre partnerskip
Binne der bern jonger as 18? Of is der mar ien dy ‘t skiede wol? Dan moatte je fia de rjochter en ha je in advokaat nedich.
Ast in registrearre partnerskip sûnder rjochter beëinigje wolst, dan hast in advokaat of notaris nedich. By de advokaat of notaris stelst ôfspraken op. Bygelyks oer de partneralimintaasje en pensjoen. Dizze ôfspraken komme yn in beëinigingsoerienkomst te stean.
Op ‘e site fan de ryksoerheid fynstmear ynformaasje oer it ûntbinen fan in registrearre partnerskip.
Gearlibbingskontrakt
By it ûntbinen fan in gearlibbingskontrakt is gjin advokaat of notaris nedich.
Yn it gearlibbingskontrakt stiet hoe’t de oerienkomst beëinige wurde kin. Dit kin bygelyks mei in oantekene brief.
Fia Judex fynst mear ynformaasje oer útinoar gean mei in gearlibbingskontrakt.