voor
Eks-partners

Ynformaasje foar ast twivelst oer in skieding, stipe sikest of witte wolst watst allegear regelje moatst.

Lês mear
voor
Bern en jongerein

Foar de measte bern is in skieding in hiele grutte feroaring en faak in fertrietlike tiid.

Lês mear
voor
Professionals

Fyn gau de ynformaasje dy ‘t dy fierder helpt, breidzje dyn eigen kennis út en folje it platfoarm oan.

Lês mear

In skieding regelje?

Us tsjeklist bringt dy fierder

By in skieding komt in soad sjen. Ynienen moatst neitinke oer wêr’tst wenjen giest, hoe faak ast de bern sjen kinst, mar ek hoe’tst de skieding praktysk regelest. Wêr moatst begjinne? Dyn holle sit al sa fol.

Mei dizze tsjeklist hast in helder stappeplan, ferdield yn tema’s. Sa witst seker datst neat ferjitst en krijst wat mear oersjoch.

Der bart safolle dat je net witte wêr ‘t je begjinne moatte. In tsjeklist jout hâldfêst yn in turbulinte tiid wêryn der in hiel soad op dy ôfkomt.
Alex
Heit fan Cees
Us heit en mem geane útinoar en ik fyn it hiel lestich. Gelokkich kin ik goed prate mei myn freondinne. Dat luchtet op.
Sofie

Gean dyn âlden útinoar?

Do hast heard dat dyn âlden skiede sille. Foar de measte bern is it in hiele grutte feroaring en faak in fertrietlike tiid. Hoe giest dêrmei om, en hoe dogge oaren dat? Wy fertelle it dy graach, want do stiest der net allinnich foar.

Foar de professional

As psycholooch, gebietsteammeiwurker, húsdokter, dosint of oare professional wolle je bern en folwoeksenen sa goed mooglik stypje by in skieding. Der is in soad ekstra kennis beskikber yn de foarm fan trainingen en kursussen. Elk mei eigen oanpak en doel. Ek binne der in soad ynstruminten dy’t hjirby helpe kinne.

Dêrneist nûgje wy dy fan herte út om de ynformaasje op dit platfoarm oan te foljen. Sa hâlde wy mei-inoar de ynformaasje folslein en aktueel.

In skieding yn dyn omjouwing?

Tips om der as dierbere mei om gean te kinnen

As der minsken yn dyn omjouwing skieden gean, dan kinne je it gefoel hawwe dat je foar in kar komme te stean. Bygelyks tusken dyn dochter en dyn skoansoan, dyn bern of dyn beppesizzer.

As belutsene hat in skieding grutte impact, ek op dy.

Oer it platfoarm Scheiden in Friesland

Op dit ûnôfhinklike platfoarm fynst ynformaasje oer skieden yn Fryslân. Ynformaasje foar (eks) partners, bern & jongerein, professionals en belutsenen. Mei it bieden fan de goede ynformaasje, hoopje wy de impact fan in skieding op bern lytser meitsje te kinnen.

Scheideninfriesland.nl is in ûnôfhinklik inisjatyf fan alle achttjin Fryske gemeenten, ûnderbrocht yn it programma Foar Fryske Bern.