Hoe fertelst dyn partner datst skiede wolst?
Verder-Online jout tips.
Goede kommunikaasje is en bliuwt belangryk by in skieding. Oft it no is omdat je praktyske saken regelje moatte, of omdat je der ek emosjoneel foar de bern wêze moatte. Mei alle emoasjes dy’t by in skieding meispylje, is it miskien dreech om goed mei-inoar yn petear te bliuwen.
Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:
Hoe giest it petear oer de skieding oan?
Hoe bliuwst praten tidens de skieding?
Wêr kinst terjochte foar mear ynformaasje en help om te praten oer dyn skieding?
It kin dreech wêze om oan dyn partner oan te jaan datst skiede wolst. Hoe begjinst sa’n petear? Miskien hawwe jim it der alris earder oer hân, mar miskien ek net. It is yn alle gefallen wichtich om it rêstich oan te dwaan. Nei it earste petear oer de skieding moat der in soad regele wurde, dus goed prate is wichtich. Mei ûndersteande fiif tips kinst it petear oer de skieding oangean.
As je emoasjes ûnderdrukke, komme se ier of let dochs nei boppen. Mar hoe foarkomme je dat je automatysk út de alderearste emoasje wei reagearje? Datst lilk, bang, bliid of tryst wurdst en de emoasjes te heftich wurde?
Kinst dyn emoasjes yn perspektyf pleatse troch fan in ôfstantsje nei de situaasje te sjen en dysels ôf te freegjen: ‘hoe soe de bêste ferzje fan mysels reagearje?’. Dan meist noch altyd lilk, bang, tryst of bliid wêze, mar reagearrest miskien net út dyn earste ympuls wei.
Der is ek profesjonele help om te learen minder út emoasje te reagearjen. Sa kin Kognitive gedrachsterapy dy mei oefeningen en opdrachten leare oars te tinken en te hanneljen. Ynformearje by dyn húsdokter of gebietsteam wa’t dy dêrby helpe kin.
It earste petear oer de skieding is hiel belangryk. Mar ek dêrnei, tidens de skieding, is it nedich om mei inoar yn petear te bliuwen. Der moatte nammentlik in soad saken regele wurde en ôfspraken makke wurde. Mar hoe dogge je dat, goed kommunisearjen bliuwe yn dizze drege perioade?
Pebjerje wichtige petearen face-to-face te dwaan. Fia WhatsApp of beljen begrypst inoar miskien minder goed of kinne jimme beide in oar idee by in wichtich beslút hawwe.
Om it petear sa goed mooglik ferrinne te litten, is it ferstannich om rêstich te bliuwen. As jim fernimme dat de emoasjes heech oprinne, lis it petear dan tydlik stil. Besykje ek safolle mooglik om beurten te praten en lit elkoar útprate. Oerdonderje dyn (eks)partner ek net fuort mei al dyn easken, dat kin ôfskrikke. Besykje dêrneist om sa posityf mooglik te bliuwen, hoe dreech dat ek is.
Het kan zijn dat het praten tussen jullie heel goed gaat, maar dat je bij sommige beslissingen toch wat hulp kunt gebruiken. Je kunt dan een mediator inschakelen. Hij of zij helpt jullie bij het voeren van lastige gesprekken en het maken van afspraken.
Meer informatie over mediation vind je op onze pagina over het inschakelen van een advocaat of mediator.