In styfplan opstelle foar âlden en styfâlden

In âlderskipsplan opstelle ast skieden giest is ferplichte. Mei ôfspraken oer de opfieding en fersoarging fan de bern. It kin dêrneist ek weardefol wêze om tegearre in styfplan op te stellen, as ien fan de âlden in nije relaasje krijt.

Faak binne de relaasjes yn in nije húshâlding yngewikkeld en spylje der ferskate loyaliteiten. Oan wa bliuwst as bern trou?

Neist emosjonele spanningen komme der ek praktyske problemen om’e hoeke sjen: Hoe fiede wy op? Wa korrizjearret de bern? Hoe fiere we de jierdeis? En hoe geane we om mei de eks-partner?

It Styfplan kin hjir helpe. It helpt by it formulearjen fan in mienskiplik doel. Kinst ûnder oare ynfolje:

  • Hokker stipe oftst ferwachtest fan dyn partner
  • Watsto wichtich fynst yn de opfieding
  • Hokker rol de eks-partner en eks-skoanfamylje spylje

15 tips en falkûlen foar styfâlden

Stief & Co beskriuwt op harren webside 15 tips en falkûlen foar styfâlden. Hjiryn jouwe se oan datst as styfâlder in kwetsbere posysje hast binnen gesin en relaasje. Wat moatst just wol dwaan en wat kinst better litte?

Ik wist net wat ik no wol of net dwaan moast. As styfâlder woe ik it graach goed dwaan, mar ek ticht by mysels bliuwe. It wie moai om ferhalen fan oare styfâlden te hearren.
Esmée

Dyn rjochten en plichten as styfâlder

As dyn partner in bern hat en jim geane by inoar wenjen, trouwen of in registrearre partnerskip oan, dan bist foar de wet styfâlder. Dêrby hearre in oantal rjochten en plichten. Bygelyks ûnderhâldsplicht en rjocht op âlderskipsferlof.

Sjoch op dizze side fan de ryksoerheid foar mear ynformaasje oer dizze rjochten en plichten.

Lês ferhalen fan oare styfâlden

Soms is it moai om ferhalen fan oaren te lêzen. Sa kinne je leare fan de ûnderfiningen en kieze wêr’t je sels mei oan de slach wolle. Op de folgjende websiden fynst in soad ferhalen fan oare styfâlden. Miskien hast der wat oan foar dyn eigen situaasje. Miskien is it noflik om te lêzen datst net de iennichste yn dizze situaasje bist.

Stiefgoed: Profesjonele help foar gearstalde gesinnen

Lykas hjirboppe beskreaun, kin in gearstald gesin in útdaging wêze en kinne spanningen binnen de húshâlding somtiden heech oprinne. It kin moai wêze om hjir profesjonele help by yn te skeakeljen. De webside fan Stiefgoed jout in part fan it oanbod wer. Dêrneist biedt ek MindKorrelatie help oan gearstalde gesinnen.

Boeketips oer it tema styfâlderskip

Wolst graach mear lêze oer it styfâlderskip? Der binne in soad boeken oer te finen. Hjirûnder wat boeketips:

De bewuste stiefmoeder – Addy Manneke

Samen gesteld, de dynamiek van het stiefgezin – Ouders online

Stiefvader gezinnen – Johannes Mol

De mijne zijn de liefste – Magda Hengst

Stiefouderbelofte – Magda Hengst

Kickstart je nieuwe gezin – Heleen Blazer

Hoe maak je een succes van je nieuwe gezin? – Corrie Haverkort en Marlijn Kooistra-Popelier