Kennissintrum Kind en Scheiding
Boeken foar âlden dy’t skieden gean
As âlden wolst it bêste foar dyn bern. Ek ast skieden giest. Je wolle dêrom de impact fan de skieidjng op je bern sa lyts mooglik meitsje. Mar hoe dogge je dat? Wat is de ynfloed fan in skieding op de bern? En hoe giest der foar harren it bêste mei om?
Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:
It is dreech om oan de bern te fertellen datst útinoar giest. In soad âlden sjogge der ek tsjinoan. Mar it is foar de bern hiel wichtich datst tekst en útlis joust, sadat it bern net bang wurdt. It is dus wichtich om it petear op in goede wize oan te gean. Der binne in oantal punten dêr’tst om tinke kinst:
Fertel de bern pas oer de skieding as jim der echt wis fan binne dat jim útinoar geane. Foar bern is it nammentlik noflik as der dúdlikheid is. Faak fiele bern ek wol oan dat der wat oan’e hân is. As dat sa is, kinne se sels dingen ynfolje en wurde se miskien wol eangstich. It is dan wichtich om gau dúdlikheid te jaan.
Om de bern in feilich gefoel te jaan, is it ferstannich om it petear tegearre oan te gean. Dus mei beide âlden. Do litst dan sjen dat it bern beide âlden hâldt, ek al binne jim aanst útinoar. Ferdiel fan tefoaren wa t wat fertelle sil, soargje dat jim inoar net tsjinsprekke en dat der gjin rûzjes ûntstean. Ferwachtest dat der wol rûzjes ûntstean, dan kinst derfoar kieze om it petear dochs net tegearre te fieren.
It ferskilt fansels per leeftyd oft it bern begrypt wat der barre sil of net. Om derfoar te soargjen dat de bern it begripe, kinne je bygelyks koart útlizze wat it krekt foar gefolgen hat. Bygelyks dat jimme útinoar gean en aanst net mear yn ien hûs wenje. It is ek goed om de bern om in reaksje te freegjen. Mar jou se hjirfoar ek efkes de tiid. Miskien komme se nei in pear dagen wol pas mei fragen. It wichtichste is miskien wol dat je de bern net it gefoel jouwe dat it harren skuld is. Fertel dêrom dat jimme as âlden noch hieltyd beide fan de bern hâlde en dat jim ek nei de skieding tegearre foar har soargje sille.
De gefolgen fan in skieding ferskille per leeftiidskategory. It Nederlânsk Jeugdynstitút sette faak foarkommende gefolgen per leeftyd op in rige.
In skieding hat faak in grutte impact op bern en jongerein. It hat bygelyks geregeld gefolgen foar learprestaasjes en it kin soargje foar emosjonele of sosjale problemen. Troch bern en jongerein in soad omtinken, stipe en útlis te jaan, kinne je de impact sa lyts mooglik hâlde. It is dêrby wichtich datst rekken hâldst mei de leeftyd fan it bern, mar ek mei syn of har ferlet. De folgjende saken kinne helpe om de impact op de bern te ferlytsjen:
Der binne in soad boeken skreaun oer skiedingen. It lêzen of foarlêzen fan boeken hjiroer kin bern helpe mei it snappen, omgean mei en ferwurkjen fan in skieding. Op ús side mei helpmiddels foar bern en jongerein fynst in wiidweidich oersjoch fan dizze boeken.
Foar dy en de bern is it wichtich om oer emoasjes praten te bliuwen. Belûk bern by wichtige beslissingen en lit se witte dat se der net allinnich foar stean. Prate, skriuwe, muzyk harkje en bewege kinne allegear manieren wêze om mei emoasjes om te gean. Ek mindfullness en meditaasje hawwe faak in positive útwurking. Wiis bern op spesjale websiden dêr’t se omgean leare mei heftige emoasjes. Sa kinne se bygelyks by Villa Pinedo terjochte as se mei in leeftiidsgenoat prate wolle.
Villa Pinedo is der net allinnich foar bern. Troch dy as âlder troch de eagen fan dyn bern sjen te litten, besiket Villa Pinedo de gefolgen fan in skieding foar dyn bern te ferlytsjen. Sa hawwe se spesjaal foar âlden bygelyks iepen brieven, wêryn’t bern dy meinimme yn harren emoasjes en ûnderfiningen by de skieding. Dêrneist fynst by Villa Pinedo in online training, boek en blogs en vlogs oer de impact fan in skieding op bern.
Poppen en pjutten kinne de skieding noch net begripe. Mar seker pjutten fernimme wol dat der wat feroaret. Op de webside fan KIES sjochst de gefolgen per leeftyd en fynst tips oer hoe’tst per leeftiid mei de skieding omgean kinst.
Lear mear oer de gefolgen per leeftyd